Dizze roman fertelt oer tsien jier út it libben fan de prachtige blesfos Trude. It ferhaal einiget by de
befrijing. In oarlochsboek is dit boek fan Hoatse
de Jong net, mar it rekket de tastannen yn 'e
besettingsjierren wol. Want de minsken om Trude
hinne wurde ek beskreaun: de boer, in fûle nsb-er,
en syn dochter, fereale op de feint dy't neat fan de Dútsers witte wol. Uteinlik wurdt de blesfos
foardere trocht de besetter. Hoatse de Jong
skriuwt yn geef folksaardich Frysk oer it boerewurk
en boerelibben.
De earste printing fan it boek ferskynde yn 1953.
Dizze fyfte printing is in werútjefte fan de fjirde út
1994 yn de rige `Fryske Klassiken I', mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.
Wat de stof oanbelanget, is De Jong binnen de grinzen fan syn kennis en ûnderfining bleaun. En hy beskriuwt dat stik boere— en hynstelibben net allinne mei kennis fan saken, mar ek mei leafde. Net djip of grut, noch yn fûle spanning, mar dochs wol sa nijsgjirrich dat it de belangstelling oan de ein ta geande hâldt.
E.B. Folkertsma yn De Tsjerne yn 1954
It opfallendste oan Trude is, tinkt my, it sykjen nei it arkadië, de lânsdouwe dêr't alles yn harmonije is. De Jong giet mei opsetsin de konflikten út 'e wei en lit yn Trude syn oanstriid ta moaiskriuwerij sjen. Yn it tekenjen fan leaflike lânskippen
is De Jong in master.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant yn 1994